Zoekresultaten voor: *
Resultaat 1 - 15 (van 15)
Astrid Lindgren Pippi Langkous - Fryske edysje
harkboek, ynlêzen troch Geartsje de Vries
Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan 'e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy't neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren. Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous...
Westerlauwers Fries | 8 uur 15 minuten (713 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2021
Luisterboek (digitaal)
Hein Jaap Hilarides Beppe Xenia
Harkboek, foarlêzen troch Geartsje de Vries
Xenia is grutbrocht yn de Dravadelte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út It Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân. Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif, Dietrich Kleeblatt, in SD'er dy't yn Nederlân wurket. Mei om't Xenia Dútsk prate kin en goed sjonge, brûkt hy har en bringt sa it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer....
Westerlauwers Fries | 7 uur 15 minuten (625 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2021
Luisterboek (digitaal)
Sjoerd Bottema de grize oer de grouwe
duvelske streken, harkboek ynlêzen troch de skriuwer
Goeie ferhalen meie altyd wer op 'e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. De bondel It piipjen fan de proai út 2009 kaam earder út as harkboek by Audiofrysk (AF-F24)....
Westerlauwers Fries | 5 uur 15 minuten (454 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2021
Luisterboek (digitaal)
Atze van Wieren Swannesang
De naam Swannesang suggereert een laatste verdienste, en dat is deze bundel in feite ook. Klaas Bruinsma heeft als sluitstuk in zijn leven gedichten van zijn goede vriend Atze van Wieren vertaald in, zoals gebruikelijk, prachtig klinkend Fries. Deze bundel bevat een bloemlezing uit de dichtbundels Grondstof, Bedevaart en Eeuwig leven van Van Wieren, die we in het Fries terugzien als Grûnstof, Pylgerreis en Ivich libben. De subtiele observaties en de soms gevoelige, soms onstuimige gemoedsbewegingen...
Fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 200 pagina's (ePub3, 2,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Hilda Talsma Wyntrilogy
Bundeling van de drie skûtsjeromans van Hilda Talsma
Fictie
Westerlauwers Fries | 492 pagina's (ePub2, 1,4 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Willem Tjerkstra Tusken twa planeten
Tusken twa planeten is it tolfde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften,...
Fictie
Westerlauwers Fries | 314 pagina's (ePub2, 2,4 MB) | Uitgeverij Aspekt, Soesterberg | 2021
E-book
Willem Tjerkstra Krêftfjilden
Krêftfjilden is it sechde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften...
Fictie
Westerlauwers Fries | 288 pagina's (PDF, 0,9 MB) | Uitgeverij Aspekt, Soesterberg | 2021
E-book
Willem Tjerkstra Krêft fan it folk
Krêft fan it folk is it achtste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften,...
Fictie
Westerlauwers Fries | 236 pagina's (ePub2, 1,5 MB) | Uitgeverij Aspekt, Soesterberg | 2021
E-book
Anneke Sieperda Omsjen
Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn 'e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief... Yn maaie '45 as hiel Europa yn it ljocht fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 224 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Willem Tjerkstra Mysterieuze krêften
Mysterieuze krêften is it fjirde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes en It Godsmystearje wurdt it libben...
Fictie
Westerlauwers Fries | 316 pagina's (ePub2, 3,6 MB) | Aspekt, Soesterberg | 2021
E-book
Meindert Bylsma Moard yn tsjerke
De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan 'e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op 'e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 115 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Meindert Bylsma It iene hellet it oare út
(assosjaasjeroman)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat...
Fictie
Westerlauwers Fries | 246 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Willem Tjerkstra Bertekrêft
Bertekrêft is it fiifde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje en Mysterieuze krêften...
Fictie
Westerlauwers Fries | 308 pagina's (ePub2, 1,4 MB) | Uitgeverij Aspekt, Soesterberg | 2021
E-book
Venantius Fortunatus It libben fan de hillige Martinus
It Libben fan Sint Martinus, de oersetting fan Venantius Fortunatus' Latynske wurk De vita Sancti Martini, is it lêste wurk fan Klaas Bruinsma, dat no postúm útjûn wurdt. Om't it wurk net alhiel folslein wie, is it dien makke en bewurke troch drs. Joop Zeinstra, âld-learaar klassike talen oan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert. Venantius Fortunatus wie in let-kristlik dichter út de 6e iuw, ien fan de belangrykste dichters út de Merovingyske tiid (betide midsiuwen). Sint Martinus is hjoed de...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 90 pagina's (ePub3, 1,3 MB) | Elikser, Ljouwert | 2021
E-book
Wytske Bakker-Veninga Jeltsje fan Ieme tou
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje...
Fictie
Westerlauwers Fries | 202 pagina's (ePub2, 1,2 MB) | Elikser Uitgeverij, Leeuwarden | 2021
E-book